It kapitaal is fierwei de wichstichste faktor yn it hjoeddeistige kapitalisme; de twa oare produksjefaktoaren, arbeid en grûnstoffen, binne folslein ûndergeskikt oan it kapitaal. Dat is in gefolch fan it sûnt de tachtiger jieren oerhearskjende (neo-)liberalisme! Yn ûndersteande trijehoek stiet it kapitaal dan ek boppeoan; grûnstoffen en arbeid foarmje de basis fan ‘e trijehoek. Dat betsjut dat sa wol minsken as de ierde útrupele wurde en dat alles draait om it kapitaal fierder waachsje te litten. It is in sabear ‘vulgêr’ kapitalisme; sosjale aspekten en it miljeu dogge der net echt ta!

Dizze konstruksje hat fansels har priis: it kapitaal hat it folslein foar it sizzen. En dan benammen de sabeare ‘finansjele merken’. Dit Angelsaksysk kapitalisme, ek wol ris Angelsaksysk model neamt, komt fan oarsprong foaral út ‘e Feriene Steaten en it Feriene Keninkryk. Hjoed-de-dei slacht it model yn hast de hiele westerse wrâld foar master op. Minsken moatte harsels mar rêde. De ûndernimmers en merkwurking steane foarop. Gjin regels foar ûndernimmers. En de sosjale sekerheid moat sa folle mooglik beheind wurde: en ek sa min mooglik oerheidsyngrypen!

De Angelsaksyske ekonomy wurdt brûkt yn Ingelsk sprekkende lânnen sa as Grut-Brittanje, Kanada, de Feriene Steaten, Australië en Nij Sélân. It is in kapitalistysk makro-ekonomysk model, wêryn’t de regulaasje en belestingen leech binne en de oerheid net folle tsjinsten ferstrekt.
Bron: Wikipedia
Dit model lit sa folle mooglik oan ‘e merk oer; dat soe goed wêze en altyd it bêste resultaat opleverje. Dêrom wurdt de merkwurking net allinnich foar de merk brûkt: ek parten fan de publike sektor moatte der oan meidwaan. En tsjinsten fan de oerheid sels gean nei de merk. Sels de sûnenssoarch en it ûnderwiis krije de merkwurking as útgongspunt. Wêr’t dat bart is, binne de prizen foar de boargers faaks folle heger; en de kwaliteit hâldt ek net oer!
De publike sektor is sa lyts mooglik en der wurdt dus net folle belesting betelle; de tsjinstferliening is dêrtroch ek tige beheind. De oerheid fiert allinnich de sabeare ‘kearntaken’ út: regulearring, mar dan wol sa min mooglik, definsje, stimulearring fan it bedriuwslibben en in fleksibele arbeidsmarkt. Sa sille der dan mear minsken in baan fine of behâlde; dy kinne dan de produkten fan it bedriuwslibben keapje.
‘Losers’

Copyright foto: Omrop Fryslân
De posysje fan de wurknimmers is net al te bêst: útkearingen wurde meastal foar in koarte perioade útbetelle. En wa’t in útkearing krije wol, moat oan in soad betingsten foldwaan. Mar it Angelsaksyske model soarget wol foar groei fan ‘e ekonomy. It pakt allinnich hiel beroerd út foar de minsken oan ‘e ûnderkant fan de mienskip. Grutte kloften fan harren komme ûnder de earmoedegrins te lâne. Yn kombinaasje mei globalisearring en frijhânnel(sakkoarden) ûntstiet sa in waachsende groep fan ‘losers’ fan dy globalisearring; en dat wylst de riken al mar riker wurde!