Jeroen Buve & de dûbele wierheid

It is oeral om ús hinne: ‘nepnijs’. Oftewol yn it ingelsk: ‘fakenews’. Nepnijs makket in grutte opmars. Neffens de Amerikaanske filosofe Susan Neiman komt dat mei troch de komst fan ideologiën, dy’t foar wier oannommen wurde. Hast eltsenien giet dêr fanút, mar bewiist is dat nea! Ien fan de wichtichste dêrby is it neoliberalisme. De ideology fan de frije merk. Dy frije merk fan it kapitalisme is alles bepalend. De sabeare ‘finansjele merkten’ hawwe it foar it sizzen.

De útspraken fan it neoliberalisme hearre jo eltse dei yn it nijs; en jo lêze it oeral. ‘De globalisearring kin nea mear werom draait wurde’. En ‘de frijhannel is foar eltsenien goed’. It is nea bewiisd, mar eltse poging om der wat fan te sizzen, wurdt ôfdien as klearrebarre ûnsin. En dat wylst it de hiele tiid dúdliker wurdt, dat grutte kloften minsken hielendal net fan dy globalisearring en frijhannel profitearje.

Neiman wiist der ek op, dat it júst filosofen binne, dýt sterk oan de opmars fan dat nepnijs bydroegen hawwe. En dan benammen de ‘postmodernistyske’ filosofen. It postmodernisme fersmiet iuwige wearden en de absolute wierheid! Alles wurdt dan relatyf. Sa krije jo sa wol in foar wier oannommen ideology (it neoliberalisme) as it ûntkennen fan in absolute wierheid; in ideale kombinaasje foar de opkomst fan allerhande nepnijs. Mar is der yn die wol sa yts as de absolúte wierheid?

Meikoarten kinst hjir mear oer yn it boek lêze!