De ferhâlding tusken kapitaal, arbeid en grûnstoffen: dat wie it ûnderwurp yn haadstik 1 ‘Kapitaal’; op basis fan ferskate modellen seachen wy hokker produksjefaktor de ‘baas’ is. En hoe’t de ‘trijehoek’ omkeart wurde kin. Haadstik twa joech de wearde fan de dûbbele wierheid: frijtinke en net sa mar yn absolute wierheden leawwe. Sa kinne jo nei in oplossing tawurkje.
No is it tiid om de (ekonomyske) rjochting fêst te stellen: de wise wêrop jo dat berikke kinne. En de oanpak fan in oare ekonomy om fan vulgêr nei sosjaal kapitalisme te kommen. Ien fan de wichstichste stappen yn ‘e skiednis fan de minskheid. En dat op in histoarysk momint sjoen de grutte miljeuproblemen. De basis dêrfan is de wise wêrop jo de belestings regelje. De ‘heffingsgrûnslach’ om it sa te sizzen.
Oer dy heffingsgrûnslach is in protte te sizzen: yn it algemien sit dy heffing yn ‘e westerske wrâld op ‘e arbeid. Sa wurdt de sosjale sekerheid, neist belestingen, finansiert. De ‘bron’ wêr’t dy heffingsgrûnslach op basearre is, wurdt sadwaande fansels djoerder: de arbeidskosten binne heger as it nettolean. En de priis foar de konsumint is heger as de netto-opbringst foar de ferkeaper. Dat befoarderet de wurkgelegenheid hielendal net. Dizze bron sil dan ek sa min mooglik brûkt wurde!
Meikoarten kinst hjir mear oer yn it boek lêze!