Ideaal is it Angelsaksyske model bepaald net. De fraach is ek oft it oars kin? In model wêrby’t de arbeid, dat binne de minsken, boppe oan stiet. Dat komt noch it tichste by it eardere Rynlânske kapitalisme. Ek wol Rynlânsk model neamt. Dêryn stie(t) de minske wol sintraal! En it kapitaal en de grûnstoffen binne dêroan ûnder geskikt. Dy twa produksjefaktoaren foarmje dus de basis fan de trijehoek.

It Rynlânsk model wie it systeem, dat benammen yn lannen as Frankryk en Dútslân brûkt waard; ek oare ekonomyen yn West- en Noard-Europa hienen dizze ‘sosjale merkekonomy’. It model soe earliker, effisjinter en freedsumer as itAngelsaksyske wêze. De minske (de faktor arbeid) stiet foarop. Hjoed-de-dei kinne jo de measte fan dizze lânnen net mear ‘Rynlânsk’ neame. Dêrfoar is de sosjale sekerheid te folle útklaait.

De ekonomyske en sosjale modellen fan de Skandinavyske lannen hawwe noch it measte wei fan it Rynlânsk model; de sosjale sekerheid is dêr noch folle grutter as yn West-Europa. Dat jildt foar lânnen as Denemarken, Sweden en Noarwegen. De oerheid sjocht de ekonomy as har direkte ferantwurdlikheid; en sy wol dêr ek ynfloed op hawwe. Yn it sabeare ‘Skandinavysk model’ is de publike sektor tige grut: dêrom binne de belestingen ek heech, benammen yn Sweden. De oerheid jout yn ferhâlding in protte jild oan sosjale sekerheid út.
Yn it Rynlânsk model is gearwurking it biedwurd: oerlis tusken oerheid, wurknimmers en wurkjouwers stiet foarop. De merkwurking is net hillich, mar wurdt oan regels bûn. De steat hat in aktive rol. De befolking is tige goed oplaat en al te skerpe misstânnen binne der (hast) net.
De oerheid fiert aktyf belied op sûnenssoarch, ûnderwiis en sosjale saken. Der is dêrtroch in grutte publike sektor. Dat kostet fansels jild en dêrom binne de belestings heech. De foarsjennings binne goedkeap en somtiden sels fergees. Oan de ûnderkant fan de mienskip is net sa folle earmoede: de measte boargers libje boppe de earmoedegrins. En sy wurde flink holpen om wurk en ynkommen te finen.
De sosjale fersoargingssteat
De ynkommensferskillen binne lyts(er); en der is in útwreid sosjaal fangnet fan allderhande útkearings. Ferplichte fersekeringen soargje foar opfang by ûnheil. Dêrom wurdt der ek wol praat fan de ‘sosjale fersoargingssteat’. Troch al dizze saken is der in grutte loyaliteit fan de wurknimmer mei de wurkjouwer. It grutste part fan de befolking is frijwat ienriedich oer lykweardigens en solidariteit.
De grûnslach fan it Rynlânsk model lei yn de ‘sosjale merkekonomy’ en de sosjale sekerheid. Yngripen yn de ekonomy wie gjin taboe; dêrby waard foaral de fraach stimulearre. Mar dôchs is it Rynlânsk model yn de measte lânnen ferdwûn en ferfongen troch in (lichte) foarm fan it Angelsaksyske model. Dat is foaral in gefolch fan de globalisearring en de frijhânnel. De grutte(re) ‘sosjale fersoargingssteat’ koe it yn ‘e stoarmen fan de globalisearring net oprêde.
In tredde (de lêste) mooglikheid yn ‘e trijehoek is de faktor ‘grûnstoffen’ op ‘e punt; de oare faktoaren kapitaal en arbeid foarmje dan de basis. Dizze foarm komt nergens op ‘e wrâld foar! Grûnstoffen stiet dêryn ek foar it miljeu, fersmoarging, de opwaarming fan ‘e ierde en duorsumens. Miljeuorganisaasjes en sommige polityke partijen wollle dizze foarm wol. Mar sa wol it kapitaal as de minsken fersette harren tsjin sa’n opset fan de ekonomy!

It grutste beswier liket lykwols net yn it kapitaal, mar yn de arbeid te lizzen; as it kapitaal der jild oan fertsjinje kin(ne soe), sil it wol akkoard gean. Mar de minske sil nea akkoard gean mei sa’n iensidige klam op it miljeu en de opwaarming fan ‘e ierde. Foar better belied op it mêd fan it miljeu sil ek de minske meitelle moatte. De faktor arbeid dus! Allinnich in kombinaasje fan arbeid en grûnstoffen hat takomst. De trijehoek moat dan dus op ‘e kop! Dêroer letter mear. Mar earst in nij model, dat de lêste tsientallen jierren sterk opkommen is: it Sjineeske model.