Yn 1976 stoar Mao Tse Tung; Deng Xiaoping kaam op ‘e nij oan de macht. Yn de striid mei de sabeare ‘bende fan fjouwer’ woenen de ‘gematigden’, dêr’t Deng ek by hearde. In jier letter waard hy fise-premier en fise-foarsitter fan ‘e Kommunistyske Partij fan Sina. Yn 1978 fierde Deng de ‘iepen door polityk’ yn. In sabear ‘kapitalisme mei sosjalistyske trekjes’. Sina as kapitalistysk lân ûnder kommunistyske lieding.
It is hjoeddedei offisjeel ek noch altyd it belied yn Sina. In briljante aksje fan Deng Xiaoping! Want Sina hat dêrtroch in ûngekende ekonomyske groei troch makke. It lân ûntwikkele harren ta de twadde ekonomy fan ‘e wrâld. Weromsjend is Deng Xiaoping dan ek ien fan de grutste politisi fan de twadde helte fan de tweintichste ieu. Mar dat wurdt yn ‘e westerse wrâld hielendal net sjoen.
Oan ‘e ein fan de 20e iuw hearde Sina by de hurdst groeiende ekonomyen op de wrâld. Sûnt de iepening fan de Sineeske merk is de hannel mei it bûtenlân yn rap tempo omheechgien. Foaral tusken 1990 en 1995! Doe liet de Sineeske ekonomy in tige sterke stiging sjen. De ekonomy fertrijefâldige yn fiif jier tiid. Dêrtroch kamen hunderten miljoenen Sjinezen boppe de earmoedegrins út. Sina profitearre sa fan ‘globalisearring’ en fan frijhânnel! Dêrom is it no ek ien fan ‘e grutte foarstanners fan dizze saken. Mar hoe ferhâldt Sina har ta de produksjefaktoaren arbeid en kapitaal?

Beijing (Peking) yn Sina
Copyright: Wikipedia
Earst it kapitaal. It Sjineeske regear hat in tige wichtige stim yn de banken. De grutste oandielhâlder is Central Huijin Investment Ltd. Dat is in steatsbedriuw. Yn de Bank of China hat it 65%; en ek yn de oare trije grutte Sjineeske banken hat Huijin tige grutte belangen. It bedriuw hat sels gjin kommersjele aktiviteiten; it is hâldstermaatskippy foar de Sjineeske steat. Sa hâldt de Kommunistyske Partij in tige sterke greep op it kapitaal. Sjineeske bedriuwen binne ôfhinklik fan de krediten fan dizze banken. En sa kin de steat de kredytferlining nei eigen winsken stjoere.
De steat bepaalt alles
It kapitaal is yn Sina dus lang net sa frij as yn it westen! En oer de faktor arbeid kinne wy koart wêze: de minsken yn Sina hawwe hielendal neat te sizzen. De steat bepaalt alles. En mei de nije ‘sosjale ynnovaasje’, dy’t yn Sina kommende wei is, wurdt dat allinich mar slimmer. It nije systeem fan sosjale premy’s sil de kontrôle fan de steat op de minsken noch grutter meitsje. Dat betsjut dat it Sjineeske model kapitaal en arbeid as basis hat. Bliuwt oer de faktor ‘grûnstoffen’.

It opfallende is dat Sina, ûnder de nije lieder Xi Jinping, de lêste jierren in protte miljeu maatregelen nimt. Hy docht dus in protte oan it ferbetterjen fan it miljeu. Dat moat ek wol: yn Sina is de lucht tige smoarch. En dan benammen yn de grutte stêden. In skjinner miljeu is ek in grut foardiel foar de Sineeske ekonomy.
Sa hat Sina op it stuit twa tredde fan de wurkgelegenheid yn ‘e sinne-energy. Dat binne mei mekoar 2,3 miljoen banen! En ek yn ‘e wyn-energy skoart it 44% fan de banen wrâldwiid. Sa krije jo de núvere sitewaasje, dat de faktor grûnstoffen, lês it miljeu en de opwaarming fan de ierde, yn Sina foar master op slacht. Sina kin sa it earste lân op ‘e ierde wurde, dat foldocht oan de winsken fan griene politike partijen en miljeuorganisaasjes. En dan ek oan de faktor grûnstoffen oan ‘e top fan de trijehoek! It Sjineeske model kin sa trendsetter fan de hiele wrâld wurde.
Fansels is dit in grutte bedriging foar de westerske demokrasy. It neo-liberalisme lit it kapitaal folslein frij; en de minsken kinne dochs (in bytsje) mei beslisse oer de polityk. Dit model fan hjoed-de-dei kin ûnmooglik konkurrearje mei it Sjineeske model. Dat is (ekonomysk) yn alle opsichten superieur! Sina sil sa de sterkste ekonomyske macht yn ‘e wrâld wurde. Wat dat betsjut foar de westerske demokrasy is dreech te sizzen. Mar it belooft net sa folle goeds. De tanimmende ekonomyske macht fan Sina sil de westerse demokratiën sa mooglik twinge om de demokrasy te ferminderjen.