Takomst model

Feitlik foldocht it neo-liberalisme dus net mear; en it is sekers net mear superieur oan it kommunistyke model, sa as yn de njoggentiger jierren tocht waard. Wêr’t it ein fan ‘e skiednis neffens it westen kommende wei wie, leit it initiatyf no by Sina. It westen wrakselet der mei. En hat gjin oplossings. Der moat dus wat oars betocht wurde! Dat ek om de demokrasy behâlde te kinnen! Dy oplossing moat sa wol de posysje fan de minsken (de arbeid) as de takomst fan de ierde (de grûnstoffen) seker stelle. Dat betsjut, dat de trijehoek op ‘e kop moat! It kapitaal moat net mear de baas mar de basis wêze. In ‘sosjaal kapitalisme’ yn sté fan it hjoeddeistige vulgêre kapitalisme.

Thomas Opsomer: copyright Fixit

Sa as de Belg Thomas Opsomer seit: ‘produsinten moatte mei mekoar konkurrearje om de wrâld better te meitsjen, net om dy mei harren produkten minder te meitsjen!’ De mooglikheid om te ûndernimmen en wiinst te meitsjen bliuwt likegoed bestean. Allinnich wurket kapitaal yn dit model posityf foar de minsken en de ierde. En de Nederlânner Piet van Elswijk sei ea: ‘it moat ekonomysk oantreklik wêze om maatskiplik ferantwurde te hanneljen!’ Feitlik bliuwt it kapitalisme sa bestean, mar der wurdt in oare, folle positivere, draai oan jûn!

Piet van Elswijk

Neffens de Stanford Universiteit is miljeubelied ekonomysk tige rindabel; dat docht bliken út in resint ûndersyk (2018). As de opwaarming fan de ierde under de oardel graad bliuwt, soe dat ‘tûzenden miljarden’ útsparje. Dat is fansels folle mear as de kosten, dy’t dêrfoar makke wurde moatte soene. De rekkensom is gau makke. It leant tige om jo sterk op it miljeu en de opwaarming fan de ierde te rjochtsjen. Of frij nei Piet van Elswijk: it is ekonomysk oantreklik om maatskiplik ferantwurde te hanneljen!’

Klimaataksje leant dus. Mar jo allinnich op it klimaat (de faktor grûnstoffen) rjochtsje, sil nea troch de measte minsken akseptearre wurde. Dy wolle fatsoenlik en as it efkes kin ek better libje kinne. De faktor arbeid dus. Dêrom ek sawol arbeid as grûnstoffen boppeoan de trijehoek. It is de minske én de ierde; en net ien fan beide. Yn in ‘sosjaal kapitalisme’ sil de faktor kapitaal dan ek de basis foarmje moatte. Dat is fansels folslein oars as no yn it hjoeddeistige vulgêre kapitalisme.

Dit model hat ien grut probleem: de basis is in punt! Dy punt fan it kapitaal kin de trijehoek derboppe mar dreech drage. As de trijehoek mei de punt nei boppe stiet en it kapitaal boppe oan, sa as yn it Angelsaksysk model, kin in hiel lyts part fan ‘e wrâldbefolking in enoarme rykdom ferkrije. Stiet de punt nei ûnderen, dan moat der eins in bredere basis komme. Dêrta sil de top fan it kapitaal fuort moatte om wer in wiere basis te krijen. Hoe en wat, dat is dreech te sizzen, mar de trijehoek krijt sa wer in stevige basis. De ûndersteande ‘komfoarm’ soe dêrfoar it útgongspunt foarmje kinne; it sjocht der dan sa út:

De grutte fraach is fansels, hoe’t jo it hjoeddeistige neo-liberale belied yn it westen omfoarmje kinne nei in foarm, dy’t de namme sosjaal kapitalisme fertsjinnet. Derta sil de ekonomy feroarje moatte; en ek de polityk moat de neo-liberale oanpak oer board gooie. Dêroer yn ien fan de folgjende haadstikken mear.

Lês fierder yn Jeroen Buve & de dûbele wierheid!

werom nei de thússide