Yn ’e jierren njoggentich proklamearre Francis Fukuyama ‘de ein fan ’e skiednis’; grutte ûnsin fansels. Skiednis einiget pas as de lêste minske stjert! De ‘oerwinning’ fan it kapitalisme oer it kommunisme hat dêr net in ein oan makke. En ek net in wrâld fol fan frede en wolfeart oplevere. Fansels net, want skiednis is foaral in saak fan trochgeande ûntjouwings, dy’t pas ophâlde sil as de minske net mear bestiet. Skiednis sil der dus altyd wêze!
It is hiel maklik om Fukuyama oan te fallen; hy bedoelde nammentlik net de ‘echte’ skiednis. Mar dochs, it giet wol fier om te stellen, dat der neat better as de ‘liberale demokratyske kapitalistyske oardering’ is. Dêrom is it goed om ris yn ’e tiid werom te gean; en dan benammen nei it momint dat it kapitalisme it kommunisme sabeare ‘oerwûn’ hat. De tiid fan Michael Gorbatsjov en Deng Xiaoping.
Beide politike lieders makken harren kar út dy sabeare ‘liberale demokratyske kapitalistyske oardering’; mar harren kar wie net deselde. Gorbatsjov keas foar it ‘liberale demokratyske’ part. Deng Xiaoping foar de ‘kapitalistyske oardering’. In kar mei fiergeande gefolgen foar sa wol de eardere Sovjet Uny as foar Sina. De kar fan Michael Gorbatsjov wie in sof; en dy fan Deng Xiaoping in grut sukses!
Ruslân bedarre ûnder Boris Jeltsin yn in grutte gaos. In soart fan ‘rôfkapitalisme’. Nei dy njoggentiger jierren stelde Vladimir Poetin mei hurde hân orde op saken. Feitlik wie it eksperimint yn Ruslân mei in ‘liberale demokratyske kapitalistyske oardering’ folslein mislearre. Hiel oars gie dat in Sina: yn de selde tiid ûntwikkele dat lân him ta de twadde ekonomy fan ’e wrâld. Sina is dêrom no ien fan ’e grutte foarstanners fan globalisearring’. En fan frijhannel! Gjin wûnder, want it lân profitearret derfan.
Kleau tusken earm en ryk
Eltsenien profitearret fan dy globalisearring; en fan alle ‘frijhannelsakkoarden’. Teminsten dat wurdt faak sein. In grutte leagen fansels! Jawis de rike elite wurdt der riker en riker fan; mar in groeiende groep, de ‘fergetten’ minsken, binne de pineut. Sa wol yn ‘e westerske demokrasyen as yn ’e tredde wrâld. Earst mar ris dy rike elite.
De ekonoom Thomas Piketty sloech yn 2014 alarm oer de groeiende kleau tusken earm en ryk; en dan benammen tusken minsken mei jild foar oaren oer, dy’t harren ynkommen mei wurk fertsjinje moatte! Syn stelling wie, dat minsken mei kapitaal mear yn krije as dyjingen, dy’t harren jild mei arbeid fertsjinje. Dêrtroch komme de lju dy’t wurkje hieltyd mear op ôfstân fan de riken te stean. Dy tanimmende kleau!
Foaral by de riken siet de skrik der goed yn; sy koenen oanfallen op harren riante posysje altyd opkeare: kapitaal wurdt ommers ek ynvestearre en dat kreëarret banen. En dêr wurdt sels de hiele ekonomy better fan. En rike minsken ‘fertsjinje’ dat hege ynkommen ek wier; mar dat waard troch de stellingen fan Piketty hurd ûnderút helle. It is foaral in kwestje fan ryk berne wurde.

Krityk op Piketty wie der fansels ek: syn model soe te folle op de ekonomyen fan Europa en Amerika basearre wêze. En net genôch rekken hâlde mei bygelyks Sina en India. Dat is wier. Mar moatte jo no Sina as foarbyld foar in takomstige (bettere) ekonomy nimme? Dat liket my net. In oar kritykpunt is, dat Piketty it kapitalistyske systeem ûndersiket, mar net mei opfallende ferbetteringen fan it model komt. Dat is spitich. Krekt nei grutte krises as dy yn 2008 is de tiid faaks ryp foar grutte systematyske feroarings en dat komt der sa net fan! No bart der hielendal neat.
Hiel oars sjocht it der oan ’e ûnderkant fan de ynkommensferdieling út: dêr sitte de minsken dy’t net profitearje fan globalisearring en fan frijhannel. De ‘losers’ fan de globalisearring om it sa te sizzen. In tanimmende groep minsken. Fansels wenje dêrfan ek in protte bûten it westen, sa as Saskia Sassen yn har boek(en) skriuwt, mar foar dizze ynlieding behein ik my efkes ta it westen. Grutte ‘fergetten’ groepen hawwe dêr de lêste jierren foar opfallende útslaggen by ferkiezings soarge: bygelyks by de ja foar de Brexit en by de ferkiezing fan Donald Trump ta presidint fan ‘e Feriene Steaten.
Saskia Sassen hat it yn har teory oer ‘útdriuwen’ (‘expulsions’); minsken (oer de hiele wrâld) wurde troch de ‘kwealike rol fan it ynternasjonale kapitaal’ fan harren hús en hiem ferdreaun. Sawol yn it westen as bygelyks yn Afrika. Yn har teory hawwe it tebekrinnen fan ’e fersoargingssteaten, húsútsettingen en de ferwoesting fan ekosystemen streekrjocht mei mekoar te krijen. Minsken en flora en fauna wurde skraspt en ferdreaun. Dat útdriuwen hat oeral yn ’e wrâld ynfloed op minske en natuer.
Under de earmoedegrins
Yn dat ferban is Dútslân in frappant foarbyld; wylst oeral de loftrompet oer de sterkte fan dat lân en de ekonomyske ûntjouwing(en) stutsen wurdt, liket it moaier as it is. Der wurdt sein dat it lân de sterkste ekonomy fan de EU hat; en it is de motor fan Europa. Mar dochs libbe yn dat ‘sterke’ lân hast 20% fan de befolking ûnder de earmoedegrins. Dat wie yn 2016. Nijs dat jo yn de media hast nea hearre of lêze. Mar dat binne wol mear as fyftjin miljoen Dútsers! It jout oan dat in ûnderklasse yn it sterkste lân fan de EU net meiprofitearret fan de globalisearring en de frijhannel. In befêstiging fan ’e teory fan Sassen! No’t de ekonomy yn Dútslân ek efterút buorket, hoege wy ús gjin yllúzjes oer it lot fan dy groepen te meitsjen: dy sille it allinnch mar slimmer krije!
Saskia Sassen ferwachtet dat it noch folle slimmer wurde sil: it bûten sluten fan grutte groepen minsken en mooglik parten of sels hiele lannen. Dy dogge dan net mear mei oan ‘it mondiale ekonomyske stelsel’. Sy neamt dat ‘foreclosure’. Op him sels is der gjin brekme oan finansjele en technologyske ynnovaasje; en sels ek net oan de fersprieding dêrfan. Der wurdt allinnich fierstente min enerzjy stutsen yn ‘sosjale ynnovaasje’. Dêrtroch is der fierstente min jild om de ‘losers’ fan de globalisearring te helpen. En dat wylst it jild tsjin de plinten op klotst!
Sina
In lân dat wol deeglik oan ‘sosjale ynnovaasje’ docht is Sina; mar dan wol op in ferkearde manier. In protte minsken hawwe lang tocht, dat Sina automatysk in demokrasy wurde soe; dat soe barre moatte, omdat it lân in frije merkekonomy wurden wie. Mar yn ’e praktyk is it gjin sprút feroare. Hjoed-de-dei is Sina foaral de grutste diktatuer op ’e wrâld: en ûnder Xi Jinping wurdt de absolute macht fan de kommunistyske partij allinnich mar fierder útwreide.
Dy ‘sosjale ynnovaasje’ is in ferskrikking: de boargers yn Sina wurde oeral yn ’e mienskip mei kamera’s folge; by goed gedrach krije se punten en by flaters wurde se straft. Mar wat goed en min gedrach is, wurdt wol hielendal troch de kommunistyske partij fêststeld. It is folslein ûndemokratysk; en in oanpak, dy’t yn it westen allinnich mar mei de strategy fan bedriuwen as Facebook, Google en oaren fergelike wurde kin. By strafpunten ferlieze de Sineeske boargers allerlei rjochten, sa as it rjocht om mei de trein te reizigjen. In goarre! It lân is dêrtroch de grutste bedriging foar de westerske demokrasy wurden. En de EU wurket dêr entûsjast mei gear.